Kollum: "Freonen en freondinnen"

29 jul 2015 - 09:02

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Fryslân Fan 'e moarn-presintator Jacob Stelwagen hat dizze wiken fakânsje, mar lit mei in kollum dochs fan him hearre!

Freonen en freondinnen fan de PC

Dit is in lûd, dat jim op dit plak net ferwachte hiene, tink ik. Ik sis dat benammen, omdat it de fyfde woansdei fan july is en omdat wylst ik dit útsprek foarsitter Johannes Westra fan de PC yn de Koornbeurs yn Frjentsjer syn jierlikse taspraak hâldt. Dat jim my hearre, hat in reden. Ik moat oefenje.

Johannes Westra wurdt takom jier santich jier en dan moat er mei PC-pensjoen. Net omdat er dan net mear geskikt is, mar omdat de PC net in foarsitter hawwe wol dy't net mear hielendal hûndert punten is. Statutêr is in PC-lid dus ferplichte om dermei op te hâlden as er de leeftyd fan santich berikt hat en blykber is dêrboppe de kâns dat je net mear hûndert punten binne te grut. Dat betink ik net, dat hat de PC betocht. Dus as je dit hearre en boppe de santich binne... No ja, lit mar... Neffens de PC soene je my dochs net begripe...

Der moat dus in nije foarsitter komme en dat liket my eins wol wat. Foar mysels. Ik haw my yn de funksje-easken ferdjippe en ik bin poergeskikt. It alderwichtichste is dat de nije foarsitter gjin frou is. Tsjek! De haadskiedsrjochter is hjoed foar it earste yn 162 jier in frou, mar dat is allinnich omdat de PC dêr sels neat oer te sizzen hat. Foar de PC is it noch hieltyd 1853. Der sitte wol froulju yn it koepeltsje, mar dy binne allinnich foar it byld.

Efkes sjen hear... Je moatte wat fan papier lêze kinne. Tsjek! Yn alle beskiedenheid... Dat haw ik wolris dien. Dat papier is wichtich en ferplichte. Johannes Westra is ien kear begûn te ymprovisearjen en hâlde doe fuortendalik in speech fan rekôrlingte. Dat kin dus net. It wie dêrtroch al hast tongersdei foar de finale begûn.

Je moatte mei in hoed swaaie kinne. Ik wit út betroubere boarne, dat de leden dêr as se wolle in kursus foar folgje kinne. De hoed mei by it swaaien allinnich yn de rjochterhân. Der binne wol foto's fan húsmaster Joop van der Veen mei de hoed yn de linkerhân, mar dat mei beslist net! Hy is dêr wikenlang mei narre. Troch mysels, mar dêr giet it net om en boppedat wie it terjochte. Hoed. Rjochterhân. Tsjek. En hawwe je de hoed yn de hân en swaaie je net, hâld de hoed dan net foar it krús. Dat stiet ehm... Lullich. Les 1 op de kursus. Lit je troch dy hoed trouwens net ferkatse. Fiif notabelen wiene de earste PC-leden, mar no sitte der gewoan in âld-ûnderwizer, in bakker en in boekhâlder yn. Johannes Westra rint by ús yn Bitgum echt net mei dy hoed op troch it doarp. En as je nei de bakker yn Frjentsjer geane, hat er gewoan in skelkje foar.

De regels fan it spul begryp ik. Tsjek. Ik wit dat Johannes Brandsma en Sake Porte de net kroande keningen fan it Sjûkelân binne. Tsjek. En fierder makket it net safolle út, want as PC-lid hawwe je dochs nergens wat oer te sizzen. Ranking, stjoerde lotting, skean opslaan en mear fan datsoart fratsen... It oerkomt se allegear mar. En as je, sa as myn foargonger Johannes Westra hielendal terjochte in iepen brief skriuwt oer dat it mei it keatsen net geweldich goed giet, dan wurde je troch de betinkers fan dy fratsen fuortsetten as de earste de beste skoaljonge.

Fierder? Bytsje fergaderje en fan wanten witte. Ho! Sa ticht by de einstreek en dan brûk is dochs noch it w-wurd. Wanten. Sorry, sorry, sorry. Ik nim it werom. Der is neat mei de wanten hear. As je wat wolle yn it keatsen, begjin dan noait ècht oer wanten. Westra gie wat dat oanbelanget moandei by de lotting krekt te fier. Wat sei er ek mar wer? Wy hawwe gjin bûter op'e holle, mar it materiaal moat wol gelyk wêze. Hm. Wat ik dêr eins yn hear, is dit... Dat der noait ien pakt wurdt op sjoemelarij wol net sizze dat der net sjoemele wurdt en dat moat eins net. Sa besjoen is it keatsen op de goeie wei as it in topsport wurde wol. It is krekt it hurdfytsen begjin dizze ieu. In hiel soad dogge it, net ien kin it bewize en dus is it offisjeel net sa. It materiaal wurdt trouwens hjoed foar eltse omloop keurd en ik sis no alfêst... Sjoch it mar as in reklameblok, want dat hat gjin gefolgen. It materiaal is op de weechskaal allegear gelyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)