Grutte ferskillen gemeenten oer tsjinprestaasje útkearing

28 jul 2015 - 20:23
  • Website FSU

De tsjinprestaasje dy't ferwachte wurdt fan minsken mei in útkearing is yn de iene gemeente folle swierder as yn de oare. Sa hoecht ien mei in útkearing yn Achtkarspelen mar twa oeren ferplicht oan it wurk, wylst dat yn Ljouwert mar leafst sechstjin oeren is. Ek binne der gemeenten dêr't hielendal gjin tsjinprestaasje frege wurdt. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Frysk Sosjaal Planburo. Dy hat it belied fan alle Fryske gemeenten fergelike en komt ta de konklúzje dat it ferskil wol hiel grut is.

De belange-organisaasje fan minsken mei in útkearing, it FSU, is min te sprekken oer de grutte ferskillen. Sy wolle dat de gemeenten komme mei in mienskiplike regeling. It leafst wolle se hielendal ôf fan de ferplichte tsjinprestaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)