Minder boaten nei Skylge en Flylân fanwege hurde wyn

28 jul 2015 - 16:40
  • Sneltsjinst Rederij Doeksen

Yn ferbân mei de hurde wyn falle by rederij Doeksen woansdeitemoarn en -jûn guon tsjinsten fan de rappe boat út. It giet benammen om de boaten tusken Skylge en Flylân - mar ek boaten fan Flylân nei Harns wurde troffen - tusken healwei njoggenen en tsien oere moarns.

Woansdeitejûn farre de rappe boaten tusken healwei seizen en 7 oere net. De tsjinsten fan Harns nei Skylge ferfalle net, seit Doeksen. It folsleine oersjoch fan de wizigings fan de sneltsjinsten is te finen op de website fan rederij Doeksen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)