Europarlemintariër kritysk oer oerheidsstipe Frânske boeren

28 jul 2015 - 16:27

Feehâlder en VVD-Europarlemintariër Jan Huitema út Makkingea is kritysk oer de stipe fan de Frânske oerheid oan boeren dy't autodiken blokkearje en oare aksjes fiere. Yn Frankryk krije de boeren in garandearre molkpriis fan 34 sint de liter.

Huitema sil de Frânske stipe oan de boeren kritysk folgje om nei te gean oft der gjin sprake is fan ûnearlike konkurrinsje mei boeren yn oare Europeeske lannen. De Frânske boeren krije mear foar in liter molke as Fryske dy't tenei 28,5 sint krije. Huitema tinkt dat dy priis net noch leger wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)