Marijn de Vries rapste frou by Profronde Surhústerfean

28 jul 2015 - 15:33
  • Marijn de Vries komt oer de finish yn Surhústerfean
  • It poadium by de froulju yn Surhústerfean

Hurdfytster Marijn de Vries út Zwolle hat tiisdeitemiddei it kritearium foar froulju yn Surhústerfean wûn. De Vries kaam solo oer de einstreek. Ilona Hoeksma út Lúkswâlde, ploechmaat fan De Vries, einige as twadde en wie dêrmei de bêste Friezinne. Trieneke Fokkens fan Leutingewolde kaam as tredde oer de finish yn Surhústerfean.

Om 15.30 oere starte de dielnimmers fan de elite en beloftegroep. Om 19.00 oere starte de profs mei de Profronde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)