Aldste man fan Fryslân wurdt hjoed 105 jier

28 jul 2015 - 15:02
  • Bakker, ferline jier doe't er 105 waard

De âldste man fan Fryslân wurdt tiisdei 105 jier. Eelke Bakker waard yn 1910 berne op It Amelân. It grutste part fan syn libben hat er yn Dokkum wenne. Bakker wennet noch op himsels en ûnderhâldt ek noch syn eigen grientetún. Syn resept om 105 te wurden is goed ite, goed sliepe en jo nergens drok om meitsje.

Wethâlder Boorsma fan Dongeradiel hat Bakker lokwinske mei syn hege âldens. Sneon fiert de 105-jierrige Dokkumer syn jierdei yn famyljerûnte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)