Skûtsjesilen skrast by Wâldsein fanwege hurde wyn

28 jul 2015 - 14:07

De SKS-ynhelwedstriid op de Hegemermar by Wâldsein giet tiisdeitemiddei net troch. De hurde wyn makket it silen te gefaarlik. Sneon waard de wedstriid by Starum al skrast fanwege te min waar. Dizze wedstriid soe op de Hegemermar ynhelle wurde, mar komt no ek te ferfallen.

De wedstriid wurdt tongersdeitemoarn ynhelle op De Iselmar by De Lemmer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)