"Fytsrûtes moatte heechnedich ferbettere wurde"

28 jul 2015 - 14:01

It is tiid om de fytspaden yn Fryslân ris goed oan te pakken, nei grutte ynvestearrings yn nije diken lykas de Sintrale As, de Heak om Ljouwert en de ferbettering fan de N381. Dat seit foarsitter Kees Mourits fan it Fytsersbûn yn Fryslân.

De Bovag hat bekend makke dat yn hiel Nederlân folle mear fytst wurdt, allinnich net yn Fryslân. Guon provinsjes hawwe in plus fan wol 20 persint. Yn Fryslân is dat mar 2, it leechste fan Nederlân. Mourits tinkt dat soks komt troch de fytspaden dy't folle better kinne.

Op in soad plakken yn Nederlân wurdt al wurke oan rappe rûtes foar fytsers dy't as in snelwegenetwurk mei-inoar ferbûn binne. Mourits seit dat Fryslân it op dat mêd te min docht. In stêd lykas Amsterdam hat in heal miljard euro útlutsen foar ferbetterings foar fytsers.

Neffens deputearre Michiel Schrier sil de koälysje yn 2016 mei in plan komme om fytspaden foar it wen-wurkferkear, it wen-skoalleferkear en it rekreative ferkear te ferbetterjen. De Provinsje sil dan ek jild beskikber stelle om de kommende jierren flink te ynvestearjen yn fytspaden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)