Boeren yn problemen troch hieltyd legere molkpriis

28 jul 2015 - 13:10
  • Melke
  • Freek Keulen, bedriuwskundich adviseur Alfa Accountants yn Ljouwert

De molkpriis komt noch mear ûnder druk te stean. Boeren krije yn augustus in garandearre minimumpriis fan 28,5 sint de liter molke. Begjin ferline jier wie dat noch 43 sint.

It binne drege tiden foar de melkfeehâlders. Se krije hieltyd minder jild foar de molke. Dat komt troch de legere fraach op de wrâldmerk en it hege oanbod fan molke nei de ôfskaf fan it molkekwotum. Geart Kooistra fan boerebelangenorganisaasje LTO Noard advisearret boeren der goed om te tinken wat se dogge op finansjeel gebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)