Surhústerfean makket him klear foar de Profronde

28 jul 2015 - 10:12
  • Mark Cavendish (rj.) wint Profronde yn 2012, Peter Sagan (l.) waarde twadde

De tariedings foar de Profronde fan Surhústerfean binne yn folle gong. De froulju, elite en beloften fytse tiisdeitemiddei, de profs jûn.

De organisaasje hat it dit jier ek wer foarelkoar krige in oansprekkend dielnimmersfjild oan de start te krijen. Sa binne Bauke Mollema, Robert Gesink en Peter Sagan, de winner fan de griene trui fan de lêste Tour de France, derby. De Friezen Pieter Weening en Lieuwe Westra binne ek fan de partij. Foarsitter fan it Wielerkomitee Surhústerfean Albert Helfrich ferwachtet 25.000 taskôgers.

De wedstriid is fan 19:00 oere ôf live te sjen, mar ek te folgjen op Omrop Fryslân televyzje, ynternet en de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)