Grutte brân yn Sweagerbosk troch heabroei

28 jul 2015 - 05:33

Yn in stâl mei fee oan de Spoarbuorren-Noard yn Sweagerbosk hat tiisdeitemoarn in grutte brân west. De brân ûntstie moarns om fjouwer oere hinne troch heabroei. Fjouwer brânwachtkorpsen hawwe it fjoer bestriden. Om by de brân te kommen is it hea mei in shovel nei bûten brocht. By de brân kaam in soad reek frij.

De brânwacht hie it fjoer nei trije oeren blussen ûnder kontrôle, mar is noch drok mei neiblussen.

Yn de stâl stiene sa'n tritich jonge bollen. Dy koene stean bliuwe om't de reek de oare kant út waaide. In bistedokter is ynskeakele om de bisten te ûndersykjen. Mei it fee liket it goed te gean.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)