Soad tinten repareard op kemping Stortemelk op Flylân

27 jul 2015 - 20:48

It Ljouwerter bedriuw Bootkapje.nl hat de ôfrûne dagen hurd dwaande west mei it werstellen fan stikkenwaaide tinten fan kemping Stortemelk op Flylân. It bedriuw is troch de kemping frege de fakânsjefierders te helpen.

Yn twa dagen tiid hawwe se sa'n 25 tinten repareard. Guon wienen dwerstroch of hienen grutte gatten. Ek moasten der in soad luifels naaid wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)