Noch hieltyd hinder foar Fryske sjauffeurs yn Frankryk

27 jul 2015 - 19:56

Fryske transporteurs dy't op Frankryk ride, moatte de kommende dagen ek noch rekken hâlde mei dykblokkaden. Frânske boeren fiere al in skoft lang aksje foar bettere prizen foar harren produkten. Op sneldiken wurde benammen bûtenlânske frachtauto's tsjinhâlden. Der wurdt dan besjoen wat sy ferfiere. As dat produkten binne dy't ek yn Frankryk produsearre wurde, wurdt de auto plundere.

Dat is in sjauffeur fan transportbedriuw Brant Visser fan It Hearrenfean ek oerkaam. Hy waard oanhâlden troch lulke boeren.

De sjauffeur wegere lykwols de oplizzer te iepenjen en mocht letter trochride. Op it haadkantoar fan Brant Visser hâlde se de sitewaasje goed yn de gaten. As se fernimme dat earne in blokkade is, krije de sjauffeurs in oare rûte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)