Frachtweintsje kantele op de A7 by It Hearrenfean

27 jul 2015 - 19:08

Op de A7 by It Hearrenfean is moandei oan de ein fan de middei in frachtweintsje kantele. Dat hat in soad oerlêst feroarsake. Trochdat der in soad guod op 'e dyk lei, wie de ôfrit fan de A7 nei de A32 rjochting Ljouwert ôfsletten.

Ferkear dat nei de haadstêd woe, moast omride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)