Partoer Steenstra tsjin Van Althuis op de PC

27 jul 2015 - 18:49

It partoer fan Tjisse Steenstra nimt it woansdei yn de earste omloop fan de PC op tsjin it trio fan Pieter van Althuis. Dat hat moandei út de lotting bliken dien. It wie in stjoerde lotting, dus de fjouwer toppartoeren fan de ranking koenen mekoar net lotsje.

Dat betsjut dat it trio fan Bauke Triemstra it opnimt tsjin it partoer fan Martijn Olijnsma. Gert-Anne van der Bos-en-dy stean tsjinoer it trio Jelle Attema. As lêste kaam it partoer Jan Dirk de Groot. Dat moat yn de earste omloop keatse tsjin Dirk-Yde Sjaarda-en-dy.

Sjoch hjir foar de folsleine lotting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)