Gemeente Hearrenfean wol Akkrumer jonges oanpakke

27 jul 2015 - 16:48

Doarpsbelang Akkrum is bliid dat boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean no yngripe wol by de oerlêst dy't in pear jonges yn it doarp feroarsaakje. Geregeld binne der meldingen fan yntimidaasje, fernieling, lûdsoerlêst, drankmisbrûk en ek fan mishanneling. Van der Zwan oerwaget it ûnder tafersjoch stellen fan de jonges.

De tiid fan praten is foarby, fynt foarsitter Aize Wynstra fan Pleatslik Belang Akkrum. Boargemaster Van der Zwan wol net sizze hoe't hy de jonges no krekt oanpakke wol. Hy fynt dat dat tefolle oer persoanen giet.

Trefwurden: 
oerlêst Akkrum jonges
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)