Ljouwerter bosk wer slachtoffer fan stoarm

27 jul 2015 - 16:19

By de simmerstoarm fan dit wykein is opnij grutte skea oanrjochte yn it Ljouwerter bosk oan de noardkant fan de stêd. By de stoarm fan oktober 2013 waaiden ek al hiele perselen mei populieren om. Yn de perselen mei produksjehout is nochris 40% fan de beammen omwaaid.

De gemeente Ljouwert rûst dat sa'n 20% fan de beammen omwaaid is of skea hat. De gemeente hat moandei oan de gong west om de paden safolle mooglik wer frij te meitsjen. It Ljouwerter bosk is sa'n 20 jier âld. De gemeente hat dizze maitiid al in soad beammen oprêden.

Trefwurden: 
stoarmskea Ljouwerter Bosk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)