Simmerstoarm goed foar 13 miljoen euro skea

27 jul 2015 - 14:40

De skea troch de stoarm fan ôfrûne sneon wurdt troch it Verbond van Verzekeraars rûsd op minimaal 13 miljoen euro. Neffens it Verbond hawwe it noarden en it westen de grutste klappen krigen. Om't in soad minsken mei fakânsje binne, hawwe benammen reisfersekerders it drok mei de ôfhanneling fan de klaims. It Verbond ried minsken dy't mei fakânsje binne wol oan om mei buorlju te beljen om te sjen oft der thús ek skea is. By in loslizzende dakpanne kin de skea heech oprinne as it lang ynreint.

De Fryske fersekerder FBTO jout oan oeroeren te draaien mei sa'n 300 skeameldings út it hiele lân, benammen Noard- en Súd-Hollân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)