Drachtster oppakt mei buske pepperspray

27 jul 2015 - 11:54

De plysje yn it Grinzer De Like hat in 24-jierrige Drachtster oanhâlden foar ferbean wapenbesit. De man wie belutsen by in rûzje op de Skâns yn it doarp. Doe't de plysje der by kaam, die al gau bliken dat de Drachtster pepperspray by him hie. De man krige in boete fan 350 euro en it buske mei pepperspray is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)