Drankrider set auto boppe op rotonde

27 jul 2015 - 11:08

In 50-jierrige drankrider út Waskemar is yn de nacht fan snein op moandei oanhâlden nei't hy op de Ureterpvallaat yn Drachten in ûngelok feroarsake hie. De man bedarre mei syn auto boppe op in rotonde. Neist dat de man mei drank op ried, wie syn auto net fersekere en wie de auto skorst. Der mocht dêrom eins net mei riden wurde. It rydbewiis fan de man is ynnaam. De man sels sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)