Daphne van den Broek oproppen foar EK rolstoelbasketbal

27 jul 2015 - 10:56

De 22-jierrige Daphne van den Broek fan Snits is troch bûnscoaches Gertjan van der Linden en Irene Sloof selektearre foar it Europeesk kampioenskip rolstoelbasketbal. It EK is fan 27 augustus oant en mei 7 septimber yn it Ingelske Worcester. It Nederlânske team is as titelferdigener ien fan de favoriten. Daphne van den Broek hat in oplieding folge oan it CIOS op It Hearrenfean en wennet sûnt septimber yn Arnhem. Sa kin se har hielendal rjochtsje op it rolstoelbasketbal.

It kommende seizoen spilet se foar in team dat ûntstien is út in gearwurking tusken DOV Ljouwert en Dyna '75 fan It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)