GHB-rider opnij betrape: rydbewiis wer kwyt

27 jul 2015 - 10:35

In 33-jierrige man fan It Hearrenfean is syn rydbewiis yn in koart skoftke tiid foar de twadde kear kwytrekke foar it riden ûnder ynfloed fan GHB. De man hie syn rydbewiis krekt werom krigen, doe't hy sneintejûn op de Van der Laanstrjitte oan de kant set waard. Der is in bloedproef fan de man ôfnaam.

Letter op de jûn hat de plysje in begjinnend bestjoerder in warskôging jûn foar it driften mei syn auto. Hy waard trapearre op de Veldschans op It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)