Kollum: "Platfuotten en O-poatsjes"

27 jul 2015 - 10:06

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

Platfuotten en o-poatsjes

No’t Jacob in wykje frij is, misse wy fansels it ferslach fan syn hurdrin-aventoeren. Fandêr dat ik tocht: lit ik dan dizze moandei mar fertelle oer myn hurdrinleed. Alhoewol leed, by my giet it eins best wol aardich. Oant ik foarige wike om nije hurdrinskuon moast.

Ik moat alderearst opbychte dat ik al wolris faker oan hurdrinnen dien ha. Trije jier lyn kocht ik myn earste pear hurdrinskuon. En foarige wike stie ik wer yn presys dyselde winkel. Dit kear om de opfolgers fan myn earste skuon út te sykjen. Al gau kaam der in ferkeapjonkje nei ús ta. Sa’n op en top sportjonge, yn hippe klean en it hier perfekt yn de gel. Syn alderearste fraach wie oft ik myn âlde skuon ek meinaam hie. Eeh nee, mei opset sin net, want dy stiene te stjonken yn de bykeuken nei’t ik in dei earder dwers troch de modder raust wie.

Undertusken hie’k al efkes foarsichtich nei alle skuon yn de winkelstellaazje sjoen. Fûn ik trije jier lyn dy rôze streepkes op myn wite skuon wat oerdreaun, de felle kleuren spatten no fan de skuonnemuorre ôf. De kombinaasjes wiene opmerklik, om it mar netsjes te sizzen. Grien mei ljochtjouwend oranje, babyblauw mei fel rôze, en pears mei fluorisearjend giel. Der stie werklikwier gjin swarte skoech mear tusken. “Ha jim ek gewoan ‘gewoan’?” frege ik oan de ferkeapjonge. Hy skodholle. “Nee. Dit is tsjintwurdich hip.”

Nei’t ik de babyblauw mei rôze skuon ûnderbûn hie, moast ik earst in stikje drave op de rinbân. Mei de boksen fan de spikerbroek by de sokken yn, sadat alles goed sichtber op de kamera kaam, draafde ik op myn aldernetsjes. Nei in earste blokje stapte ik hymjend fan de bân. Ik seach de ferkeapjonge oan en hy skodholle. “Swikst mei dyn rjochter ankel te folle nei binnen. Ik sil wat oars sykje.”

Dit kear kaam er mei dy foeilelike grien mei oranje skuon oansetten. “Besykje dizze ris.” Mei tsjinsin draafde ik op dy kleureknallers oer de rinbân. Doe’t alles wer op kamera stie, beseach de skuonneman de bylden kritysk. “Dit fertsjinnet net de schoonheidsprijs”, hearde ik him mompeljen. “Watte?”, frege ik. “Dy skuon bedoel ik dan he?”, werstelde er him rap. “Noch mar in pear besykje. Hoe swier bist eins? Want wy ha ek noch spesjale skuon foar te swiere minsken.” No ja sis. Ik neamde myn gewicht en seach him útdaagjend oan. “Oh nee, dan hoecht dat net”, sei er en skeat mei in reade kop hastich wer nei de opslach achter yn de winkel.

No bin ik wol wat wend as it giet om beledigingen oer myn lichem. As famke fan in jier as trettjin krige ik samar yn ienen in bulte krekt ûnder myn knibbel. Foaral nei it sporten hie’k der lêst fan. Dus op advys fan de eigen húsdokter reizge ik nei in heuse sportarts yn Drachten. Ik siet noch mar krekt tsjinoer de man of hy sommearre my al om de broek út te dwaan. “Zo”, sei er, “ik zie dat je o-benen hebt.” Ik seach nei myn wite puberpoatsjes. “En platvoeten”, ferfolge er syn medyske diagnoaze. No, betanke dokter.

“Mar dêr kom ik net foar. Ik ha lêst fan ‘e knibbel”, sei ik wat skiterich. Nei wat lûken en drukken wie er der samar oer út. “Je hebt een meisjesknie.” Allemachtich, wat in dikke kwaksalver is dit, tocht ik lilk. Mar dat bliek dus in serieuze medyske term te wêzen. In ‘meisjesknie’ ûntstiet as dyn skonken rapper groeie as dat it kraakbeen oan kin.

Dus sa kaam it dat ik as 13-jierrige puber wer nei bûten stapte mei o-benen, platfuotten en in meisjesknie. En no 16 jier letter blykt it dus ferrekte lestich te wêzen om foar immen mei al dizze trije motoryske handikaps geskikte skuon te finen. Mar ik ha se fûn. It binne dy alderearste babyblauwe mei rôze skuon wurden. Kin’k yn elk gefal mei in goed ekskús ‘in blautsje rinne’.

Noflike moandei!

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)