Ravaazje op spoar nei botsing mei pink by Nijeholtwâlde

27 jul 2015 - 08:17

Der is yn de nacht fan snein op moandei in ravaazje ûntstien op it spoar by Nijeholtwâlde neidat de lêste trein fan It Hearrenfean nei Zwolle tsjin in pink botst wie. It bist waard dernei rekke troch in twadde trein dy't fan de oare kant kaam en oerlibbe it ûngelok net. De beide treinen kamen stil te stean. Der rekke net ien ferwûne. Ien fan de treinen hie safolle skea dat dy troch ProRail fuortsleept wurde moast.

Neffens de plysje binne 18 pinken op noch ûnbekende wize op de rails bedarre. De plysje hat noch socht nei de oare pinken, dêrby binne ek in waarmtebyldkamera ynsetten. Der misse noch hieltiid 16 pinken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)