'Joadske' jildsnippers te sjen yn Snitser Modelspoarmuseum

26 jul 2015 - 14:51
  • Gerrit Koning mei de skonken jildsnippers yn it Modelspoarmuseum

Kamp Westerbork hat in bysûndere skinking krige fan Gerrit Koning út Snits. It giet om jildsnippers dy't yn de Twadde Wrâldoarloch troch joaden út de trein smiten binne.

Koning syn heit wurke oan it spoar op it baanfak tusken Westerbork en Dútslân en hy hat de snippers meinaam. Der waarden ek in soad brieven út de trein smiten. Meiwurkers fan it spoar brochten dy sa folle mooglik te plak. De jildsnippers koene se neat mei. De heit fan Koning hat se meinaam en se binne al dy tiid yn de famylje bleaun oant no ta.

Kamp Westerbork hat de jildsnippers opnaam yn de útstalling 'Getuigen langs het spoor' dy't op meardere plakken te sjen is en dy't oant ein septimber yn it Modelspoarmuseum yn Snits is. Dat Koning de snippers no skinkt, is ek om't de ústalling op 't heden yn Snits te sjen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)