Technyske problemen spoarbrêge Van Harinxmakanaal

26 jul 2015 - 16:22

Ien fan de twa spoarbrêgen oer it Van Harinxmakanaal yn Ljouwert hat snein te kampen hân mei technyske problemen. It giet om de brêge foar it treinspoar nei Harns en Snits. Dy brêge koe net mear omheech foar de skipfeart. Skippen heger as in meter as fiif koene net fierder farre en moasten wachtsje foar de brêge. Troch de problemen rieden der ek minder treinen nei Harns en Snits.

De problemen wiene sneintemiddei om in oere of trije foarby, meldt Arriva op Twitter. De treinen kinne wer ride as altyd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)