Steatsboskbehear: Pas op loshingjende tûken yn bosken

26 jul 2015 - 12:02

Wa't snein de bosken yn giet moat der goed om tinke: op ferskate plakken hingje tûken los of binne paden blokkearre. Dêr warskôget Steatsboskbehear foar.

Boskwachters hawwe sneintemoarn de bosken yn west om te besjen wat de skea is nei de stoarm fan sneon. Benammen yn it Lauwersmargebiet, yn Gaasterlân en op Skylge hawwe de beammen bot te lijen hân fan de hurde wyn. Steatsboskbehear riedt minsken ôf om op dy plakken de bosk yn te gean. De natoerorganisaasje begjint moandei mei it oprêden fan de omfallen beammen en ôfwaaide tûken.

Trefwurden: 
Steatsboskbehear tûke beam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)