Gesink en Sagan dogge mei oan profronde Surhústerfean

25 jul 2015 - 17:49
  • Peter Sagan

De winner fan de griene trui yn de Tour de France, Peter Sagan, docht mei oan de profronde fan Surhústerfean. De hurdfytswedstryd begjint tiisdeitejûn om 7 oere. Cambuurtrainer Henk de Jong sil dan it startskot jaan. Njonken Sagan sille Bauke Mollema en Robert Gesink ek fan de partij wêze.

Earder wie al bekend dat de Fryske Tour de France-dielnimmers Pieter Weening en Lieuwe Westra ek meidogge yn Surhústerfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)