Omwaaide tinten en beammen, soad skeameldings

25 jul 2015 - 18:03
  • Platwaaide tinten op Flylân
  • Omwaaide beam tusken Koudum en Molkwar
  • De hiertinten op Stortemelk binne alhiel stikkenwaaid

Tsjin seizen telde de brânwacht oer de 87 stoarmskeameldings. Op Flylân moast de brânwacht helpe by it opromjen fan omwaaide tinten op camping Stortemelk. In soad kampearders hawwe ûnderdak socht yn it rekreaasjegebou. Dat sit hielendal fol. De kroegen op it eilân sitte ek fol, omdat de wettersporters út de haven dêr ûnderdak socht hawwe.

Ut oare plakken komme ek meldings fan skea. It giet dan ûnder oare om omwaaide beammen yn Harns en Koudum. Oan de dyk tusken Koudum en Molkwar binne tsientallen beammen omwaaid.

Der komme ûnder oare ek skeameldings út De Gaastmar, Makkum, Penjum, Terwispel, Dronryp en Nes op It Amelân. Op 'e Jouwer is it famyljefestival fan de ballonfeesten earder ophâlden. It jûnsprogramma dêr wie al ôfsein.

Helptsjinsten besykje op dit stuit by ien fan de eilantsjes yn de Snitsermar foar te kommen dat in kruser losslacht. By it teehûs yn Grou wurdt help bean oan in lossleine aak.

Fan meardere kanten wurde advisearre net de dyk op te gean. Op de A7 tusken De Tynje en Tjalbert en tusken Hearrenfean-West en Aldehaske lizze neffens de ferkearsynformaasjetsjinst beammen en tûken op 'e dyk. By Marsum is de ôfrit yn de A31 ôfsletten, ek fanwege omwaaide beammen. Op oare plakken lizze ek beammen en tûken op diken.

Tusken Ljouwert en Hurdegaryp wie in beam op it spoar waaid. Treinreizgers waarden mei bussen ferfierd. Flak nei achten wie de beam fuorthelle en koenen de treinen wer ride.

Neffens waarman Pyt Paulusma nimt de stoarm tusken 19.00 en 20.00 oere yn krêft ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)