Skea troch needwaar yn Fryslân

25 jul 2015 - 16:02

De oankundige stoarm hat foar skea soarge yn Fryslân. Op camping Stortemelk op Flylân binne tinten omwaaid. Kampearders hawwe harren heil socht yn it rekreaasjegebou fan de camping. Op it eilân soenen ek beammen omwaaid wêze en in diel fan de strjitten stiet blank. Oft der ek skea is op de oare Waadeilannen is noch net dúdlik.

Fan de fêste wâl komme yntusken ek berjochten oer min waar. Benammen yn it súdwesten fan de provinsje giet it op dit stuit need. Yn oare dielen fan de provinsje is noch neat fan de stoarm te fernimmen.

Yn Koudum en op de Grutte Bredeplaats yn Harns is in beam omwaaid. Ut Dronryp en Terwispel komme ek meldings fan stoarmskea. Op de Fluezen is wynkrêft 11 metten, sa melde de wetterplysje om goed 16.00 oere. Fjoertoer De Brandaris op Skylge meldt ek wynkrêft 11.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)