Fryske hjerring allegearre 'foldwaande' yn jierlikse AD-test

25 jul 2015 - 11:37

De Fryske hjerring dy't it Algemeen Dagblad foar de jierlikse eigen test beoardield hat, krijt allegearre in foldwaande. De hjerring fan The Haddock Fish & Chips yn Ljouwert wurdt fan de Friezen as bêste kwalifisearre. De fiskhannel eindiget mei in 8,5 op it tweintichste plak yn de ranglist. Op it 54e plak fine we Miedema Fish & Chips yn Boalsert, folge troch fiskhannel Abbink's yn Snits op it 79e plak.

Minder te sprekken is de krante oer de hjerring yn de Poiesz yn Frjentsjer. Dy krijt in 0,5. De oare supermerken helje ek in leech sifer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)