Simmerstoarm kommendeweis, eveneminten gean net troch

25 jul 2015 - 11:15
  • De waarberjochten binne min foar Keningsdei

De Fiskrinsterkuier yn Moddergat giet sneon net troch. De organisaasje kin fanwege de ferwachting fan min waar de feiligens fan de dielnimmers net garandearje. De merk dy't hâlden wurde soe, giet ek net troch. Wol wurdt der fisk ferkocht. It evenemint wurdt op 12 septimber ynhelle.

De natuerkuier by de doarpstsjerke fan Huzum yn Ljouwert giet sneon ek net troch. De rintocht is ferskood nei 1 augustus. Fierders is it jûnsprogramma fan de Fryske Ballonfeesten op De Joure ek ôfsein. It famyljefestival fan sneontemiddei giet wol troch.

De ringriderij en de hurddraverij op de Boerestreek yn Appelskea giet ek oer. It soe om 15.00 oere begjinne. It evenemint is ferskood nei 5 augustus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)