SC Cambuur ferliest mei 2-1 fan FC Köln

24 jul 2015 - 19:07

SC Cambuur hat de oefenwedstriid tsjin FC Köln freed mei 2-1 ferlern. Yn de earste helte hienen beide ploegen kânsen om te skoaren, mar it bleau 0-0. Yn de twadde helte skoarde FC Köln as earste. Etiënne Reijnen makke in eigen doelpunt troch in foarset fan Finne yn eigen doel te glydzjen.

Steblecki tocht efkes letter dat er de lykmakker makke, mar hy stie bûtenspul. Köln scoarde dêrnei wol, Finne makke de 2-0. Yn de 90e minút makke Berisha de oanslutingstreffer foar Cambuur: 2-1.

It waard ek noch hast 2-2, mar Van der Streek kopte de bal yn de ekstra tiid oer it doel hinne.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur FC Köln
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)