Sneontemoarn beslút oer SKS-silerij by Starum

24 jul 2015 - 19:02

De SKS-organisaasje oerleit sneontemoarn om 8 oere mei it skûtsjekommisje fan Starum oft de wedstriid fan sneon trochgiet. De kommisje fan Starum hat dêrby fan de SKS al it foech krigen om dêr in beslút oer te nimmen.

Yn ferbân mei de hurde wyn fan sneontemiddei stiet de silerij faai. Mooglik dat de silerij earder begjint. Giet it sneon net troch, dan sille de skûtsjes tiisdei yn aksje komme yn Wâldsein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)