Fryske seefeartskoallen sykje nije staazjeplakken

24 jul 2015 - 16:04
  • Learlingen fan de seefeartskoalle

De Fryske seefeartskoallen sykje noch goed 60 nije staazjeplakken yn de Nederlânske keapfardij. De opliedings foar in baan yn de seefeart lûke de ôfrûne jierren in tanimmend oantal studinten. Dat fernimme se ek by de Maritieme Academie yn Harns en de seefeartskoalle fan de NHL Hegeskoalle op Skylge.

De opliedings roppe rederijen op om staazjeplakken beskikber te stellen, no't it ekonomysk wer wat better giet en de fraach nei goed oplaat seefeartpersoniel grut is.

Direkteur Arjen Mintjes fan de Maritieme Academie yn Harns tinkt dat mei help fan de Nederlânske Redersferiening it tekoart noch foar de simmer oplost wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)