Koade giel ôfjûn foar swiere wynstjitten sneontemiddei

24 jul 2015 - 14:38

It KNMI warskôget foar swiere wynstjitten sneontemiddei. De wynsnelheid kin oprinne ta 85 kilometer yn 'e oere. Dêrom jildt middeis koade giel. Troch de hurde wyn steane in soad eveneminten faai, wêrûnder it SKS skûtsjesilen by Starum, it WK Vauriën yn Snits en de ballonfeesten op De Jouwer.

De KNRM en de wetterplysje riede wettersporters oan om it waar goed yn 'e gaten te hâlden en op 'e tiid de wâl op te sykjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)