Legere straf foar bestjoerder speedboatûngelok op PM-kanaal

24 jul 2015 - 14:20
  • Justysje

De 52-jierrige Ljouwerter bestjoerder fan de speedboat dy't yn 2008 by in deadlik ûngelok op it Prinses Margrietkanaal by Grou belutsen wie, hat yn heger berop in selstraf fan 25 dagen en in taakstraf fan 180 oeren krigen. Dy straf krige hy oplein foar it net foarsichtich en oplettend farren.

De man is frijsprutsen fan it bestjoeren fan de boat ûnder ynfloed fan alkohol. Neffens de rjochter is it ûndersyk net fia de regels útfierd. By it ûngelok kaam in 42-jierrige man om en rekke in oare opfarrende earnstich ferwûne.

De 52-jierrige Ljouwerter bestjoerder waard yn 2010 feroardiele ta in wurkstraf fan 240 oeren en in jier selstraf ûnder betingst. De man tekene berop oan by Hege Ried, dy't oardielde dat it hôf de saak oerdwaan moast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)