Dokkumer Vlaggen Centrale makket spesjale SAIL-flaggen

24 jul 2015 - 13:50

De Dokkumer Vlaggen Centrale leveret dit jier spesjale flaggen mei in chip deryn foar it evenemint SAIL Amsterdam. Mei dizze flaggen kinne skippen har maklik identifisearje. As se de haven ynfarre, wurdt de chip scand en kin de organisaasje sjen oft it skip wol in akkreditaasje hat.

De kommende wiken wurde de tûzenen flaggen mei chips deryn makke yn Dokkum. It is de tredde kear dat de Dokkumer Vlaggen Centrale de oanklaaiïng fan SAIL Amsterdam docht. De lêste edysje luts 1,7 miljoen besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)