Warskôgingsboerd foar otters yn Aldegea wer boppe wetter

24 jul 2015 - 12:24

It warskôgingsboerd foar oerstekkende otters dat ferline wike ferdwûn oan de Headammen by Aldegea Smellingerlân, is wer boppe wetter. It board stie freedtemoarn mei in lege drankflesse tsjin de peal oan, dêr't er ôf helle wie.

Neffens Theun Wiersma fan It Fryske Gea is de drankflesse in ludike ferwizing nei syn eigen opmerking. Hy sei dat er de dieders in flesse wyn oanbiede soe as se it boerd werombringe soene. It warskôgingsboerd hat gjin skea oprûn en sil troch meiwurkers fan It Fryske Gea sa gau as mooglik wer ophong wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)