Nije boat bringt wurknimmers nei boarplatfoarmen It Amelân

24 jul 2015 - 10:26

NAM-wurknimmers fan de boarplatfoarmen by It Amelân hoege fan augustus ôf net langer fan Den Helder mei de helikopter nei de platfoarmen brocht te wurden. Veltman Marine Services hat in nije boat boud, dy't de wurknimmers ferfiere sil fan Holwert ôf. De nije boat Vigilant nimt njonken wurknimmers ek ark mei.

De NAM is bliid mei de boat om't er kosten besparret, mar ek better is foar it miljeu. No't de helikopter net mear brûkt wurdt, ferleget dat de CO2-útstjit. Ek hoege wurknimmers út Noard-Nederlân net langer nei Den Helder te riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)