Kollum: "Grikelân"

24 jul 2015 - 09:51
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Yn de simmer ha wy in pear gast-kollumnisten. Ien fan harren is skriuwer Ferdinand de Jong fan Boarnburgum. Hy publisearre oant no ta fjouwer romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012) en Bedoarne hannel (2014). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan SC Hearrenfean.

"Der wie ris in lân mei in kening. Op in dei bruts der in grutte oarloch út en doe't dy foarby wie, waard it lân fan de kening troch in oar lân oerhearske. It systeem fan de oerhearsker waard ynfierd en de minsken moaste leare om ûnder de nije omstannichheden te libjen. Se krigen krekt genôch te iten om net dea te gean en foar it oare soarge de steat foar alles.

De kening makke dat er fuortkaam en wenne yn in haadstêd fan in waarm lân, dêr't er fan ôfstân nei syn eigen lân seach. Dat like net sa fraai. It oerhearskjende rezjym luts in swiere wissel op de minsken, mar se koenen der net folle oan dwaan en modderen mar wat oan. It lân wie net oantreklik foar toeristen en ynvestearders kamen der al hielendal net, omdat se it net sitten seagen om ûnder de hearskjende frjemde machthawwer rendemint út harren krewearjen te heljen. It lân wie earm en net yn trek.

Doe barde der wat.

It oerhearskjende rezjym mitere om. It systeem, dat troch de regearing jierrenlang as sillichmeitsjend ferkocht wie, blykte dochs net te wurkjen. De oerhearsker ferlear syn macht oer it lân, dat nei jierren wer frij wie. Mar de tiid ûnder de oerhearskjende machthawwer hie alle kunde oer hoe't je sels in lân bestjoere moatte ferdampe litten. It lân bleau efter yn in enorme bestjoerlike gaos.

De tûksten fertsjinnen it measte jild, it like wol op in wedstriid yn wa't it measte pakke koe troch korrupsje en mear kwalike saken. It lân wie dan op papier wol frij, mar de gewoane ynwenners murken dêr net folle fan, sterker, de omstannichheden sa as dy ûnder de oerhearsker west hienen, wienen better as dy't se te ferduorjen krigen no't se frij wienen. It lân bleau ûnoantreklik foar toeristen en ynvestearders lieten har yn de fan korrupsje oanelkoar hingjende bestjoerslaach ek net sjen. Der wienen minsken dy't werom ferlangen nei de oerhearskers. It lân bleau earm en net yn trek.

Doe barde der wer wat.

De kening joech oan dat er wol in kear wer op besite komme woe yn wat ea syn lân west hie. It regear stimde ta, mar ûnder ien betinkst. De kening mocht gjin oanspraak meitsje op wat ea syn besittingen west hienen. Dat wie foar de kening gjin beswier, hy hie net stil sitten en yn it wenplak dêr't er jierren wenne hie er goed buorke. Hy siet net om syn âlde eigendommen ferlegen, mar woe gewoan wer ris nei syn lân ta.

Op in moarn stie de kening oan de grins yn it noarden fan it lân. It blykte dat er net allinnich wie. Tsientûzenen minsken wachten him by de grinsoergong op. De mannichte naam sa yn omfang ta, dat de busreis nei de haadstêd twa dagen duorre. Tsjûgen fertelden dat it krekt wie as kaam de Messias werom op ierde, sa waard de kening binnen helle. Hy reizgje letter werom nei syn wenplak, mar bleau oan syn lân tinken.

Doe naam er in beslút. Hy socht in oantal kapabele minsken om him hinne, faaks guon dy't ek it lân ûntflechte wienen yn de tiid fan de oerhearskjende machthawwer. Mei dizze fertrouwelingen rjochte de kening in politike partij op en die mei oan de ferkiezings. Syn partij wûn dy ferkiezings en de kening waard minister presidint. Opnij stie er oan it haad fan syn lân. Net troch dat er as keningsbern berne wie, mar omdat er troch syn eigen folk keazen wie.

En opnij barde der wat.

De kening, dy't no minister presidint wie, sei: De problemen yn myn lân binne sa grut dat ik dy net allinnich oplosse kin. Ik sykje help. En dat die er. Hy frege regearings fan grutte, sterke en tûke lannen om him te helpen. Sa naam it iene lân it belied oer de finânsjes op him, in oar lân holp by de rjochtspraak, in tredde krige it bewâld oer de grinsoergongen, in oar holp by de ekonomyske fraachstikken en belêstingstelsels. Sa stelde de kening troch oeral help foar te freegjen, syn lân iepen foar oare lannen en krige syn lân in hiel breed nij en modern systeem. Gefolch wie dat de korrupsje minimalisearre ta proporsjes dy't sels yn ús lân foarkomme, ynvestearders ljocht seagen yn de iepen ekonomy dy't de kening meitsje litten hie en samar kamen der ek toeristen op it ea sa ûnoantreklike lân ôf.

Dit alles liket in mearke. Dochs is it yn grutte linen wier bard yn in buorlân fan Grikelân, Bulgarije. En sa sil it mei Grikelân ek moatte. Miskien moat de Grykske hear Tsipras mar ris op besite by de buorlju, om te sjen hoe't dy it dien ha. It systeem sil feroare wurde moatte, fan binnen út, mei help fan bûten ôf. Wat der no oan jild hinne tôge wurdt is moai, mar sil de lange termyn fan it lân net helpe. Salang't in hoteleigner yn Tessaloniki gewoan seit dat er yn 15 jier gjin sint belesting betelle hat omdat der nea nei frege is, sitte der fouten yn it systeem. Dat moat oars. Sa lang bliuwt it dweiljen mei de kraan iepen."

Folgje Ferdinand de Jong op Twitter. Moarn wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)