Mear winst en omset Accell Group op It Hearrenfean

24 jul 2015 - 08:37

Fytsefabrikant Accell Group op It Hearrenfean seach de winst yn de earste helte fan dit jier flink omheech gean. De nettowinst gie mei 21 prosint omheech nei hast 32 miljoen euro. De omset gie mei 13 prosint omheech nei 574 miljoen euro.

De stiging is benammen te tankjen oan de ferkeap fan elektryske en sportive fytsen. De elektryske fytsen wurde ek hieltiid mear ferkocht yn it bûtenlân, benammen yn Dútslân. Accell tinkt dat de omset en de winst yn de twadde helte fan dit jier noch fierder omheech gean sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)