Earste WK vauriensilen op de Snitsermar

23 jul 2015 - 20:11

It wrâldkampioenskip vauriensilen sil sneon op de Snitsermar úteinsette. Oant nije wike tongersdei sille 81 dielnimmers yn de saneamde vaurienboatsjes útfjochtsje wa't de fluchste is. Der sitte ek tsien Fryske teams by. It is de earste kear dat op de Snitsermar in wrâldkampioenskip hâlden wurdt.

Tolve jier lyn waard it WK foar it lêst yn Nederlân hâlden. Dat wie doe by Starum. Vaurien is it Frânske wurd foar dogeneat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)