Ungelok by benzinestasjon A32 by Aldeholtwâlde

23 jul 2015 - 19:57

By in ûngelok by in tankstasjon lâns de A32 by Aldeholtwâlde binne tongersdeitejûn twa minsken ferwûne rekke. In auto kaam fan de sneldyk ôf en riedt neffens de plysje tsjin in benzinepomp en in oare auto oan. Ien fan de slachtoffers rekke licht ferwûne en fan de oare persoan binne de ferwûnings noch net dúdlik. It benzinestasjon hat in skoftke ticht west.

Ek de brânwacht waard ynskeakele. It ferkear op de A32 fan It Hearrenfean nei Stienwyk hat gjin hinder hân fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)