Twa klachten fan lûdoerlêst mei Welcome to The Village

23 jul 2015 - 16:02
  • Welcome to the Vilage 2014

It festival Welcome to The Village fan ôfrûne wykein yn de Griene Stjer yn Ljouwert hat twa lûdsklachten opsmiten fan omwenners. Yn beide gefallen hat de gemeente mjittings dien by de melders. Dêrby waard dúdlik dat it lûd binnen de noarmen foel.

De gemeente Ljouwert hat tongersdei ek noch in skou dien fan it festivalterrein en is tefreden oer hoe't it derút sjocht. De organisaasje is noch wol oant freed dwaande om alles op te rêden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)