Tinktank oprjochte yn oanrin nei Tall Ships Races Harns 2018

23 jul 2015 - 15:40
  • Harns mei de Tall Ships Races

De Stichting Harlingen Sail rjochtet healwei augustus in saneamde tinktank op om de Tall Ship Races fan 2018 sa goed mooglik del te setten. It inisjatyf kriget de namme Frisian Tall Ships Club en bestiet út Fryske ûndernimmers, bestjoerders, ferienings en belange-organisaasjes.

De klup wol it maksimale út de Tall Ships Races helje yn gearwurking mei Ljouwert as Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018. Fryslân stiet dat hiele jier yn it teken fan in grut tal eveneminten.

Doel is dat de Tall Ships Races hjir ek safolle mooglik fan profitearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)