Gearwurking Kazemattemuseum mei Den Helder

23 jul 2015 - 11:50

It Kazemattemuseum by Koarnwertersân sil gearwurkje mei it Helders Historisch Reddingboten Collectief yn Den Helder. Op 2 augustus komme 3 histoaryske rêdingsboaten út Den Helder nei it Kazemattemuseum. Belangstellenden kinne meifarre.

Under de trije boaten is ek de Dorus Rijkers. Dit skip spile yn 1940 in rol by de striid om Koarnwertersân. De kanonnearboat Johan Maurits van Nassau, dat de stellingen by Koarnwertersân assistearre, waard troch de Dútsers ta sinken brocht. De oerlibbenen waarden oppikt troch de Dorus Rijkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)