Swimferbod De Grutte Wielen en De Leien wer foarby

23 jul 2015 - 11:21

It swimferbod by De Grutte Wielen by Ljouwert, swim- en surfsintrum Balk en De Leien by De Rottefalle is wer foarby. Dat meldt de provinsje tongersdei. Twa wiken lyn waard dêr blau-alch yn it wetter oantroffen.

Blau-alch kin ferfelende gefolgen hawwe foar swimmers. It kin ûnder oare soargje foar koarts, jokte, diarree en pine yn de holle. Blau-alch kin herkend wurde wannear't it wetter in blau-griene kleur hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)