Sneek Promotion ropt Meander V út ta boat fan it jier 2015

23 jul 2015 - 10:49

Sneek Promotion beneamt de Meander V fan de stichting Vaarwens by de iepening fan de Snitswike ta boat fan it jier 2015. Mei de Meander V waarden eartiids loadsen ferfierd. Sûnt 2007 is de boat yn gebrûk by de stichting. Dy fiert mei de boat de lêste winsk fan terminale pasjinten út.

Der hawwe al mear as 300 fartochten west, wêrfan de measten yn Súdwest-Fryslân. Reden foar it bestjoer fan Sneek Promotion om de stichting yn it sintsje te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)