Helikopter definsje is te swier foar helikopterdek UMCG

23 jul 2015 - 08:52

De helikopter dy't it ministearje fan definsje tydlik ynset foar it pasjinteferfier op de Waadeilannen, is te swier foar it helikopterdek fan sikehûs UMCG yn Grins. Pasjinten moatte dêrom fia Ljouwert of Eelde nei Grins brocht wurde. Dit meldt de Ljouwerter Krante.

It helikopterdek op it MCL yn Ljouwert kin de NH90 helikopter wol oan. De NH90 is folle gruter en swierder as de eardere SAR-hely. Dêrtroch is it yn Ljouwert drokker wurden en is der mear lûdsoerlêst.

Definsje fleant tydlik tusken de Waadeilannen en sikehuzen om't de oanbesteging fan it pasjinteferfier útrûn is op in konflik tusken de twa partijen dy't sizze rjocht te hawwen op it dwaan fan it ferfier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)